#

Frysk

Frysk

Wolkom by de Jonge Democraten Fryslân!

 

Tagonklik

By de Jonge Democraten Fryslân sette wy ús yn foar it fergrutsjen fan de rol fan jongerein yn de polityk. Wy fine dat de polityk tangonklik wêze moat. De polityk fynt nammentlik wol syn tagong ta de libbens fan jongerein en it is wichtich om harren stim hearre te litten. De beslúten fan de polityk kinne in grutte impakt hawwe op jongerein. Dêrom organsearje wy in soad debatten en trainingen yn Fryslân sadat de Fryske jongerein optimaal leare harren eigen miening foarm te jaan en dizze te úterjen. Wolst dat op in geselliche manier leare? Kom ris del!

 

Progressyfk-Liberaal  

De Jonge Democraten hingje it progressyfk-liberale gedachtegoed oan. Ús kearnwaarden binne freihyd, lykweardigens en solidariteit. Oare thema’s dy’t wy wichtich fine binne duorsummens en demokratyske fernijing.

 

Persoanlike ûntwikkeling

De Jonge Democraten Fryslân is it plak foar jongerein mei polityke ynteresse om harren te ontwikkeljen. Wy organisearje bygelyks ferskate aktiviteiten en trainingen (wêr’t ek net-leden fan herte wolkom binne). Fierder kinne leden foarsrellen yntsjinje om de polityke stânpunten en struktuer fan de ôfdieling en de feriening te feroarjen, wêr’t oer stimd wurde kin. Ek kinne leden harren kandidearje foar it ôfdielingsbestjoer. Koartom: by de Jonge Democraten Fryslân kinsto dy polityk ûntwikkelje!

 

Graach oant gau!

 

Mei progressyfke groetnis,

 

Yoel Mahabier - Foarsitter JD Fryslân